ATE.

Ja, ja, doch dat mar. Ik kin sa net skiede fen hwet west hat. Frânske

hat gelyk, it moat oars. En as ’t hwet kin, noch yn it âlde jier, is ’t

net mei de die, den dochs mei it bislút.—Jy scille dat wiif fen

Leistra’s hjir net wer sjen, Janne. Ik leau dat se jo gâns missein hie.

JANNE.

Dat makke net út. Dat hoegde ik my net nei to nimmen. Mar ik bitocht,

dat it dochs ek minsken binne en ho’n sûnde se op hjar lade mei hjar

gûchlerij. Dat die my sear. En ek, dat sokke minsken nou jou deistich

selskip miskien útmeitsje scoene.

Ruth(#79282) · 第 96 / 118 题