Sjuch, dat is nou hwet Alrik miende do’t er sei dat der hjir hwet oan
de ljue ûntbriek. Hjar libben is net hillige, it greatste is hjar
foarby gean. Sellich en smûk hawwe hja nêst mankoar libbe, o, sa dimmen
en stil en oan ’e ein binne hja like fier as oan it bigjin. Ik bin
binijd ef hy, sels hy, soks foroarje kin.... (_Klopjen_). Ja, kom yn!
SECHSTE OPKOMSTE.
Frânske, Ate Jans, Ruth.
RUTH.
Dei boer, dei jiffer. Janne sei, ik moast mar nei jo tagean, boer.
Beppe hie sein, jy hiene boadskip.