(_foarstellend_). Frânske Minnema, in nift fen mines, en in kammeraet,
dêr’t ik in heap mei tsier. Ds. Hora. (_Hja jowe mankoar de hân_).
FRÂNSKE.
Folle sjoen en gâns fen heard.
HORA.
Sjoen ek? Hwêr komme jy den wei, as ik freegje mei?
FRÂNSKE.
Selde doarp as jy, domeny, wy wenje hjir ek. Wol in hiel ein de oare
kant út, mar it heart der dochs noch ûnder. It is wier, jy scille my
grif noch net sjoen hawwe.... Sneintomoarns alteast net.
HORA.
Ik koe jo tominsten net foar my krije.... Fen oare rjuchting miskien?
FRÂNSKE.
Dat net, né. Mar myn âlden binne net for it nije. En men seit ek, dat
jy sa earnstich preekje, sa hiel oars as jou foargonger.
HORA.
Dat wirdt my oars net sa faek oanwreaun. De measten fine my hjir lang
net learstellich genôch, om’t ik dingen as sûnde en oardiel meast lit
for hwet se binne. En it kin dochs net to swier wêze nei de
forkindiging fen greate minsklike wierheden en idealen to hearren?
FRÂNSKE.
Dat wit ik net. Dy âlde dingen, dat lit yen einlings mar moai kâld, dat
binne in heap plechtige wirden en men kin dêr bêst oan hwet oars by
tinke. Mar sa as jy preekje, den moat men der ek nei dwaen, oars scoe
men yen sels dêr yn ’e wei sitte. En dêr kin ik my noch net nei jaen.
HORA.
As ik birik, dat hwet lang foarm en sleur wêst hat, hjir wer libbene
wierheit wirdt, den binne wy al gâns fierder.