Nou?
FRÂNSKE.
(_twivelich, ûnwis, wylst Ate it finster útsjucht en hja wol merkt, dat
er mei syn tinken wer by hwet oars is_). Ik woe mar sizze ... ik scoe
net wolle datste forkeard oer my tochtst.... Do’t ik dy frege, niis,
mear omgong mei ús to siikjen, do frege ik dat fensels for ús
allegearre ... net for my sels allinne.... Dû koest oars ris tinke....
(_wachtet, hjar hiele wêzen ien langst en forwachtsjen_).