ATE.

Ik siz net dat der sokke minsken net binne; hja bisteane, mar it binne

útsûnderings. Under dyn keppeltsje lykje se net to wêzen. Hwerom giestû

den net de moaije, stille, iensume wegen fen it libben?

FRÂNSKE.

Dû forjitste ien ding, Ate, der is mear as dy wille, der is mear as dy

sinnedei. Der is ek de joun dy’t den komt, dy fen stiltme en swijen, as

alles sa tear wirdt en sêft. Den swijt ek de drokke wille fen de dei,

den komt der hwet djip en moais yn yen. Lit ús wille den de platte kant

it neist wêze, goed. Mar wy hawwe ien ding dat dy ûntbrekt, Ate Jans,

wy hawwe de ljeafde.

Ruth(#79282) · 第 31 / 118 题