Wêz gerêst, Frâns, ik sjuch de sinne, ik hear it sjongen wol. Dû hast
my niis in dreamer neamd; it is in hege namme en ik fiel my faek lyts.
Mar ik kin dy sizze, net folle eagen scille mei myn forearing sjen nei
de wûnders om my hinne, nei alles hwet suver en moai en great en godlik
is. Mar der is mear as glâns en sinne; der is ek tsjusternisse en
skaed—dû hast der dizze middei in lyts biwyske fen sjoen. Ik sjuch
beide en ik wit net, ik wit net, hwet it sterkst is.
FRÂNSKE.
Mar astû nou sels dochs meistimst dat der ljocht is ... hwerom biste
den alteast inkelde, inkelde kearen net bliid en fleurich mei?