Do’t „Ruth” frij kaem by it Jongfrysk Toaniel, wier it de frage: yn it
laedtsje lizze litte, ef printsje. It earste like my hast it bêste ta;
ik sjuch de breklikheden yn it stikje sels tige skoan. Oan de oare kant
wist ik dat „Ruth”, ek sa’t it is, folle âlde frjeonen hie, en dat it
yet jimmer nije frjeonen makket, ôf to gean op ’e oanfragen om it to
spyljen dy’t dêrfor ynkomme. It lêste hat by einbislút it swierste
woegen; en ik hoopje nou mar dat der ek tonei fen „Ruth” hwet goeds
útgean mei yn de greate ideéle striid fen ús tiden yn Fryslân.
Ik moat in koart wird sizze oer it forbân twiske dit stikje en de lyksa
neamde novelle fen jiff. Kloosterman. Ik hie fensels de lêste lêzen, en
tige nei wieren my de figuren wirden fen de hwet stive, foriensume boer
en it brune famke dat de ieren byinoar siket op syn boulân. Hja waerden
my sa hiem dat ik se hjir delset haw yn in wrâld fen geastlike striid,
gâns oars as de idyllyske en dochs sa yn-minsklike sfear dêr’t jiffer
Kloosterman hjar minsken yn útbylde hie. Ik bin der wis fen dat in
forliking allinne mar yn myn neidiel wêze kin; nammensto tankberder
moat ik wêze for de wirdearring en de frjeonskip dêr’t de Fryske
skriuwster dizze nije „lytse Ruth” yn hjar nije wrâld, mei bigroete.
Ik hoopje dat hwa’t it spylje scille, bisiikje scille hjar yn to libjen
yn de geast fen it stikje. Dat allinne kin hjar yn steat stelle der
hwet goeds fen to meitsjen. It bigripen fen de rollen is hjir alles. Ik
haw in ôfgriis fen it foarskriuwen fen hâldings ensfh. op it toaniel,
om’t al dy dingen foartkomme moatte út de spylders sels, yn de krêft
fen hjar bigripen. Ek yn it Fryske toaniel moatte de spylders spylje út
hjar hert, net om it „moai to dwaen” neffens foardragers-manear.