OP ’T TSJERKHÔF

’k Sjoch de hjerstwyn troch de deade raeijen,

Fen de grêven op it ienlik tsjerkhôf waeijen,

Komt by fleagen, grêf by grêf,

Siket elke hichte, fen elkmis syn tsjêf.

Ja, it grêfbisyk, bitsjut syn foarse gongen:

Tikket oan by âlden en by jongen.

’t Is de tynge troch de amme fen Natúr:

Dat ek boppe elts, al ’t moaije wer is oer.

Krekt is ’t, ef hy stiet by ’t iene grêf gâns langer,

As by ’n oaren, krekt as wier hy hjir wer banger,

Der wer dryster om to bliûwen, op sa’n sté;

Krekt as yn bistân hy stie, ef „ja”, ef „né”!

’t Is ef hy nou út forline, hiel forgetten jierren,

Digert yn ’e neikomst, skymr’jend eat fen fierren,

Hwa fen âlde kinde, frjeon, ef miichen hjir wol slept,

Hwa eat unforskillich wiern’ en oaren ha hjar tige rept,

Hwa hjar krús, dat swier woech, hjir opnamen,

En ta lange lêst nei ûnk mei sêft gedild ’t ûntkamen,

Krekt oarsom ek gûds dy ’t al to swier wier libbensstryd,

Net hjar ein ha foun, dy ’t krúsdragen ta de ein, ûnthiet.

Fryske stikken · 第 65 / 72 题