FOARÚT

Min moat fen ’t libben net tofolle,

Forwachtsje, yn yens libbensrin,

Hwent swier leit yen it yn ’e holle,

As sims it ús net giet nei ’t sin.

Foar ’t folle ûnk wei, en ’e tsjoedens,

Kinn’ wy net wei gean, moatte er lâns:

Al giet it alles ek om goedens,

It bûcht yen del en dat mar _gâns_.

It scil ta bêstens for ús wirde,

Sa as it yn yens libben giet;

Yn ûnk en lijen wirdt min hirde.

Wy kinne yn ’t slúten boek net lêze,

Der ’t elke minsk’ syn lot yn stiet;

Mar sa it komt, scil ’t bêste wêze.

Fryske stikken · 第 58 / 72 题