NEITINKEN OAN YENS JONGWÊZEN

Ja as de bernetiid swietlûd’ge lieten,

Sjongt, hwer de sjongers ûnder boartsjen slieten,

Hjar aldermoaiste libbenstiid fen ’t libben,

Mids boartersberntsjes en mids djûre sibben.

Den freget min, kin ’t wirde den noch better,

De takomst? it foarútsjend each noch letter,

Op ierde fine, greater nocht en wille;

De minske boppe al ’t wrâldske ûnk kin tille?

’t Hoepjeijen! knikkerts, moarm’ren en albosten!

Ho’n bytsje dat dy mar oan sinten kosten!

De bos fen flearhout, dy ’t min sels koe meitsje.

Ho graech scoe ’n man, it boarst fol krús en linten,

En oaren mei tofolle jild en rinten,

De wille fen ’t jong boartersfolts noch smeitsje!

1910.

Fryske stikken · 第 43 / 72 题