As yens krús ris op ’e wei,
Under tûzen krúsen lei,
Op in heap, it ién troch ’t oare:
Scoenen wy ’r yn taeste doare?
Omt, yens eigen, wit min fen,
En yn pleats fen yennes den,
Miskien greater krús to krijen!
Waerd’ it den ek greater lijen?
Scoe min foartiid, eart min ’t die,
Yen net tûzen kear biride?
Ear min ién to pakken hie!
’t Eigen krús to dragen mar;
Mei gedild hjir op ’e ierde,
Soks wier de alderbêste kar.
1909.
’T KAEM OARS
Hy hie de sauntich net, mar lykwols gâns hwet jierren,
Forarbeide wier hy troch ’t jimmer mar „weroan”,
Hy rekkene ek hwat, mei syn sniewite hierren,
Tocht net lyk as min sei „jy krij’ de tachtich skoan.”
In aerdich slomke jild hie’r oerwoan troch syn bodsjen,
Krûm, stiif en jichtich wier hy, _op_, en koe _niks_ mear,
De holle gyng by ’t wirk him danich sims oan ’t skodsjen,
It boarst bijoech him en by setten wier hy near.
Hy sei sa yn him sels, yet fiif jier is myn libben,
Fiif hûnderd goune krekt, is nou myn pongkje swier,
’k Jaen mei ’n bitingst myn bûrman, ’t omt _ik_ ha gjin sibben.
Dy fiif jier ynwenje en de kost der for, scil ’k sizze.
„Akkoard”, den bin ’k lang wei, ’t is faek mar for ién jier.”
’t Waerd fiiftjen, foar dat min him koe yn ’t deafet lizze.
1908.
’T ALD WYFKE EN HJAR BLOMMETÚN BY KOEKHERNE
Der wier ris in âldwyfke en in lyts aerdich húske;
’t Stie op in lapke groun, hwer elzenbeamte om woeks,
Hast fjouwerkantich ’t ryk fen ’t âldminsk’ en hjar poeske;
Ien kant hwet skean, dan waerd it hwet oerhoeks.
Deis ’t poeske op hjar skirt’, nachts yn in wyt moai koerke;
Hja bouwde in byt; ’t oarhoekske wier hjar blomtúnplak.
Mei frjemde help hie hja, ’t oan nou ta sels biboerke,
Al fielde hja to skrippen, hjar oars wol hwet swak.
Yn ’t skeane ousniene, bloeiden peaskeblommen,
Wyt, rea en giel en pears, in aerdichheit to sjen!
’t Aldminske seach op Peaske dy op nij wer kommen.
Dat ik der niget oan hie, hie hja daedlik mirken.
Kaem ta de doar út, sei „ho ’n lokkich minskebern,
Binn’ jy! dy ’t nocht yet heth oan’t moaije fen Gods wirken.”
1908.