Der wier yn Fryslân in boerinne,
Dy sei sa by gefal in kear:
„Der giet ’t petear ornaris hinne:
Nei ’t minder nea, mar stees nei ’t mear.
Om sulvren gounen, sulvren wetter,
Der giet it skreppen jimmer om;
It praet der oer, fen let ta letter;
’t Jild is der krap, it oare er rom.”
Hja wennen yn in lege krite;
Opdrachtich ’t lân, de diken lek,
Dan knypte it by in wiete rite.
’k Ha heard: dat jild en wetter wiernen,
Fen beide er wol en lang net brek.
’k Bigriep do, ho ’t hja beide hiene.
1908.